Elts praat fan myn sûpen, mar nimmen fan myn toarst…
Guon minsken hâlde dizze moanne dry-january. In moanne lang gjin alkohol drinke. It sprekwurd hjirboppe seach ik ris earne yn de kroech hingjen. Ast dy ûnthâldst fan alkohol, wylst ‘st dat oars wol wûn bist te drinken, dan komt de toarst boppe. En my tinkt, wy moatte ris wat iepener wêze oer ús toarst. Dit nei oanlieding fan it ûndersteande foarfaltsje.
Myn sûpen…
In fêst klupke mannen, wykliks treffe se inoar. Allegear fan ferskate komôf út de wâlden, de ien tsjerklik, de oar net en oaren der earne tuskenyn. Ien fan de mannen mei wol graach in jong slokje. Neffens de oaren wol wat te graach. In oar drinkt perfoarst net. De man dy’t neffens de oaren faaks te djip yn it gleske sjocht is der dit kear net by. En lykas oars wurdt der wer rabbe oer syn drankgebrûk. De ien kin it net rymje: ast eltse snein yn it tsjerke sitst, dan soest dochs better witte moatte en drink net safolle. It drankgebrûk wurdt even flink oandikke, mar, tink ik, guon fan de oare manlju kinne der ek wat fan. Is it net sa dat wy mei it ‘ekstreme’ fan in oar, it ‘matige’ fan ússels goed prate? “Ik doch it noch net sa mâl as…” Sa prate ik ris mei ien dy’t wolris drugs brûkt. “Ja, mar ast dy en dy sjochste, wat dy brûke, dan falt it mei my wol wat ta!” Yn it berabjen fan in oar sykje wy nei wat abnormaal is, en fine wy wat yn ús groep de noarm is. Wat as normaal sjoen wurde kin. (Dat meganisme hat Anne Goaitske Breteler moai omskreaun yn De laatste dagen van de Dorpsgek).
Myn toarst…
Wy moatte it oer de toarst hawwe, dêr ropt it sprekwurd ta op. Want ûnder de toarst nei alkohol, sit faaks ek in oare toarst. Yn myn ûnderfining makket drank de remmen wat los, krije jo wat makliker tagong nei jo emoasjes. Dan kinst wat makliker prate en ferbining mei dysels en oaren fiele (dronken minsken sprekke de wierheid). Piter Wilkens sjongt der ek fan: “De Bearenburch is myn sjirurch, myn sjamaan myn heilsoldaat.” Dy toarst is ek oars te lessen liket my. Want matich alkoholgebrûk kin ûntaardzje yn alkoholisme. Dan kinst de rem hielendal net mear fine. En wurdt de drank earder in fijân dan in maat. Fan in eks alkohol-ferslaafde, hearde ik: “Drank is des duivels advokaat.” Yn myn ûnderfining, is de toarst nei drank ek oars te lessen. Dat freget wol kwetsberheid en iepenheid.
It libbene wetter
Fan in âlderling krige ik as jonge in kear in Visje spreuk: “Op een dag drink je geen bier meer, maar levend water.” It hat my oan it tinken set oer myn toarst. En hoe’t dy toarst te lessen is. Is it net sa dat just it Evangeelje, it leauwen ús remmen losmeitsje kin en ús herten iepen. It libbene wetter komt by ús emoasjes. Jout ús de ûnderfining fan ferbining mei ús Hear, mei elkoar en mei dysels.
De Bibel sprekt ek oer it hoe wol en net brûken fan drank. Yn de brief oan de Efeziërs lêze wy: “Bedrink jimme net oan wyn, want dêr komt liderlikens (losbandigheid) fan; mar lit de hillige Geast jimme fol meitsje.”
Lit wy it wat faker mei inoar oer ús toarst hawwe. Miskien kin dat it bêste ûnder genot fan in 0.0’tsje.
Tsjoch!
Wiebe

terug