Ûnkrûd ……
In wike as wat lyn rûn ik wat troch ús griente-tún om hjir en dér it túch d’r wat út te sykjen. Krekt op dat stuit kaam d’r in “prater” by my stean. Hy sei; wat ha’st do by’t ein…….en, ek nog wol op snein! Ik lei him út dat ik oan’t ûnkrûd en túch sykjen wie. Neffens de man hie ik miskien in hekel oan sommige planten, mar ûnkrûd wie it net,want ek die “bloeisels” kamen út de hân fan ús Skepper! Wy krigen in petear oer ús moaie griente-tún wer’t wy mei gemak in heal jier fan ite kinne, teminsten, as wy op tiid it ûnkrûd derút helje….! Al pratende kamen we al gau ta de konklúzje dat it “ûnkrûd” net allinnich yn ús túntsje sit, mar yn de hiele wrâld. Oan de ein fan ús (lange!) petear sei ik tsjin de man; eins dogge wy hjoed beide itselde; ik besykje it ûnkrûd út de griente-tún te heljen, en jo (ds.B út B) hawwe fan’e moarn besocht it túch út ús gemeente te preekjen!
Sietse
Bron foto: pixabay
Sietse
Bron foto: pixabay
terug