Dankbarheit

Dankbarheit:
Nicht die Glücklichen sind dankbar, 
Es sind die Dankbaren, die glücklich sind.


Immen út ús famylje wie in dei as wat yn Dútslân. Hy mei graach rinne en sa kaam hy op ien fan syn tochtsjes earne it boppesteande tsjin.
Hy makke dêr in foto fan en stjoerde dat yn de famylje rûn.
It giet hjir oer tankberens; ik haw der alris earder oer skreaun mar ik seach hjiryn in oanlieding om it der nochris oer te hawwen.
Tankberens: Net hja dy ’t lokkich binne binne tankber mar it binne (krekt) de tankberen dy ’t lokkich binne.
No hjir is fansels wat oer op te merken; It suggerearret dat hja dy ’t lokkich binne net tankber wêze kinne. Dat wol der by my net yn.
Mar it sil hjir benammen gean oer it twadde part fan wat hjir stiet:
Hja dy ’t tankber binne binne lokkich.
As je dit efkes yn je ynsakje litte komme Jo derachter hoe wier as dizze wurden binne.
As Jo tankber binne hawwe Jo fansels in reden om tankber te wêzen en wat jout Jo in better gefoel dan tankberens, wêr dan ek mar foar.
Mar der stie noch wat ûnder it boppesteande.

Denk mal:                                           Tink ris:
Für wen kannst Du dankbar sein ?      Foar wa kinst do tankber wêze

Mach mal:                                           Doch dan:
Sag es dieser Person doch mal.          Sis it doch ris tsjin dyselde persoan.

Yn ús deistige libben binne wy tankber foar hiel wat minsken yn ús omjouwing;
Elk kin betinke wa as dat foar him/har binne.
Sille wy dan fan no ôf (noch) mear sizze en blike litte dat wy tankber binne dat wy dyselde persoan moetsje mochten ?
En as wy dit trochlûke komme wy fansels út by ús Hear en God;
Wat meie wy tankber wêze dat wy Him en syn soan Jezus Kristus kinne.
Sille wy it faker tsjin Him sizze en blike litte yn ús dieden ?
terug

Agenda

Het Trefpunt

do 08 okt 2026 om 09:30

Belijdenis = Doen!

do 08 okt 2026 om 19.30 uur

Kerkdienst in de Bonifatiuskerk

zo 11 okt 2026 om 14.00

Kerkdienst in De Ontmoeting

zo 11 okt 2026 om 9.30
Samen jong dienst

Koffietijd in De Fermanje Damwâld

di 13 okt 2026

Adressen

De Ontmoeting
Foarwei 48
9104 BX Damwâld

De Ikker
Hearewei 1
9104 CR Damwâld

Bonifatiuskerk
Foarwei 2
9104 BX Damwâld

De actieproducten voor oktober zijn:
Rijst en bouillonblokjes (groente, kip of rund)

Cadeaukaart Postcodeloterij kan nog ingeleverd worden.
Moet wel geactiveerd zijn !

Inleveren kan bij beide ingangen van
De Ontmoeting.
Klik hier of op het logo voor meer info!

 


×