De Moeder

De Moeder:

Hij sprak en zeide
In 't zaêl zich wendend:
Vaarwel, o moeder,
Nooit keer ik weer...
En door de lanen
Zag zij hem gaan en
Sprak geen vervloeking maar weende zeer.

Sprak geen vervloeking...
Doch, bijna blijde,
Beval zij de maagden:
Laat immermeer
De zetels staan en
De lampen aan en
De poort geopend, de slotbrug neer.

En toen, na jaren,
Melaats, een zwerver
Ter poorte klaagde:
Uw zoon keert weer...
Zag zij hem aan en
Vond geen tranen,
Voor zoveel vreugde geen tranen meer.

Yn it evangeelje nei de beskriuwing fan Lukas stiet yn haadstik 15 de gelikenis dy ‘t wy kinne as ‘de gelijkenis van de verloren zoon’. No is it altiten de fraach wa as dêr mei bedoeld wurdt, de soan dy ‘t fuort gie en dy ‘t sa ‘t it liket de bân mei syn heit trochsnijt of de soan dy ‘t by syn heit bleau mar kennelik net echt in bân hie mei syn heit. Mar folle wichtiger is natuerlik de hâlding fan de heit: Hoewol ‘t syn jongste soan ôfskie fan him nommen hat wol en kin de heit de bân mei syn jonge net loslitte en hy wol de jonge net ferlieze;  Hy sjocht alle dagen nei him út en as de soan dan wer werom komt, wêr ‘t de heit natuerlik net wis fan wie mar wêr ‘t hy wol altiten op hope hat, dan is der grutte blydskip oer it feit dat immen, yn dit gefal syn eigen bern, ta it ynsjoch kommen is dat weromgean nei in leafdefolle boarne goed is. Op de middelbere skoalle haw ik al kennis makke mei boppesteand gedicht fan Geerten Gossaert en ik kin it noch (hast) wurd foar wurd opsizze. It docht my echt tinken oan de heit út de hjirfoar neamde gelikenis. Yn de gelikenis sjogge Jo de heit wachtsjen en útsjen  en yn it gedicht ‘de moeder’ sjogge Jo de hoop en ferwachting fan de mem dat de soan weromkomme sil. Wy kin de de gelikenis hiel djipgeand ynfolje (De Heit is God en de ferlerne minsken binne de soannen / dochters) mar  miskien sit der ek wol wat yn om ris tige minsklik nei de gelikenis en it gedicht te sjen.
 
terug