Dominees en auto’s

Om’t minsken witte dat ik al wit hoelang yn de auto’s omslein ha, freegje se my gauris wat no de bêste auto is om te keapjen. Faaks bedoele se dan; wat is de bêste kwa ûnderhâlds- en ôfskriuwingskosten.  Wy bin no sels ek oan wat oars ta (neffens myn frou!), en dan sykje jo wat it bêste by jo (en de beurs!) past. De auto dy’t wy no ha, hat mear as tritich jier oer ’s Heren wegen riden en alle úthoeken fan it lân wol sjoen. Om yn dominee’s-termen te sprekken, hy mei wol mei emeritaat. Mar al is hy al op leeftiid, hy kin gerust nog wat kilometers meitsje!

Dat wurd dus strúne om wat oars. Al te folle winsken ha wy net: in deeglike auto, wat heger sitte en in airco, dér kin wy it wol mei dwaan, dus gjin “toeters en bellen”. It sil wol op in dútser of in japanner útdraaie, mar dan noch is it mar ôfwachtsjen hoe’t de oankeap útfalt…..

It docht my tinken oan tsjerklike gemeente’s dy’t op syk bin nei in dûmny; wat is der in ferskaat oan gemeente’s en wat is der in ferskaat oan dûmny’s!  Fan jong ta âld(-er), fan “licht” ta “swier” en alles der tuskenyn….,en dan mar strúne. En komt de juste persoan dan op jo paad, ek dan is it mar ôfwachtsjen hoe’t “de oankeap”útfalt……  As minsken my dus freegje wat de bêste auto is om oan te skaffen, dan sis ik altiid; it is mei in auto krekt as mei in dûmny: as hy/sy fuort is wit jo pas hoe bêst as hy of sy wie….!

Sietse

Bronvermelding foto: pixabay
terug
×