Kinne Jo de Hoeder?
Yn 2020 haw ik 2 kear in column skreaun nei oanlieding fan Psalm 23: De Hear is myn Hoeder.
As ik tink oan dizze psalm tink ik ek gauris oan it folgjende ferhaal, dat in oantal fan de lêzers fêst wol kinne.
It ferhaal seit dat in ryk en bekend man yn Amearika ris is in feest organisearre ter ere fan in heuchlik feit.
Hy nûge dêrta hiel wat fan syn bekenden en in grut tal pommeranten út om it mei him te fieren.
Sa gie der ek in útnûging nei in bekende foardrachtskeunstner dy ‘t tasei te kommen mar dêrby wol ien betinkst hie.
It betinkst wie dat dejinge dy ‘t it feest joech ek de âlde dominy fan de foardrachtskeunstner útnûgje soe en dat sy beide in foardracht dwaan soene en wol Psalm 23.
De organisator fan it feest foun it einliks mar neat mar hawar as de foardrager der op stie dan soe hy him dêr by dellizze.
Sa barde it dat de foardrager en de dominy beide foar it feest útnûge waarden.
Lykas ôfpraat lieten de foardrager en de dominy beide Psalm 23 hearre.
De foardrager begûn.
Hy deklamearre op yndrukwekkende wize út de holle de âlde Psalmwurden en nei ‘t er syn optreden beëindige hie barste in grut applaus los. Prachtich, wat kin dy man foardrage, in wiere keunstner !
Oan ferskate tahearders wie de ynhâld fan de Psalm lykwols folslein foarby gien, hja hiene inkeld ûnder de yndruk west fan de foardrachtskeunstner.
‘Mar no sil myn âld-kammeraad de dominy ek noch de Psalm hearre litte’ sei de foardrager.
Foar in soad oanwêzigen wie dat net direkt nedich mar it wie no ien kear sa ôfpraat, dus toe dan mar.
De âlde dominy kaam wat skruten en ûnwis nei foaren, helle syn Bibeltsje út de bûse en lies Psalm 23: De Hear is myn Hoeder, it ûntbrekt my oan neat.
Hy lies de wurden sûnder grutte úthalen of stimferheffing.
Doe ‘t hy de Psalm lêzen hie kaam der in beskieden, ferplicht applaus.
Dêrfop frege de man dy ‘t it feest regele hie oan de foardrachtskeunstner:
‘Wat is eigenlik it ferskil tusken Jo en de dominy’ ?
It antwurd wie: It ferskil is dit: Ik kin de Psalm, hy kin de Hoeder.
Wessel

terug