Kitsch schreeuwt, kunst fluistert

Hiel wat minsken sjogge faak nei it televysjeprogramma ‘Tussen Kunst en kitsch’.
Yn dit programma komme de minsken oan mei faaks fan alles en nochwat om nei gean te litten of ’t it meinommen guod ek fan wearde is. Soe it kitsch wêze of miskien, wa wit !, echte kunst mei dêrby uteraard in hege wearde.
Somtiden komt men oansette mei bombastige dingen dy ’t wol yndruk meitsje mar wêrfan ’t de deskundige al by it earste oansjen wit dat it mear ‘lawaai’ as echt is.
De deskundige giet dan soms noch wol wiidweidich yn op it oanbeane mar út syn of har wurden kin men direkt wol opmeitsje dat it betreffende ‘kunstwerk’ niks mei niks is.
Om sa te sizzen, veel geschreeuw maar weinig wol.
It stik raast om oandacht mar is dy  oandacht yn de fierste fierte net wurdich.
Ek wurde der dingen oanbean dy ’t opfalle troch harren beskiedenheid.
Sy raze net om oandacht mar yn sekere sin flústerje sy mear.
Harren beskiedenheid jowt harren echtheid oan.
Oandachtlûkende ‘fratsen’ hawwe sy net nedich, as men it betreffende stik goed yn jin opnimt hat it inerlike skjintme dy ’t je wat docht.
It makket net út of ’t dat in skilderij, in byldhouwurk, porslein,  glês of wat dan ek mar is, it hat eat fan himsels dat wearde hat.
Soe it mei minsken ek sa wêze ?
Yn dizze wrâld hawwe wy, sa ’t it liket, hoe langer hoe mear roppers en razers sûnder echte ynhâld, lit stean dat dy roppers en razers omtinken hawwe foar de meiminsken.
Lit ús ús der foar hoedzje dat wy as leauwige kitsch wurde en it hawwe moatte fan uterlik fertoan mar dat ús hâlden en drage in ôfspegeling is fan in inerlik leauwen.
Dat wy de keunst fan ‘kunst’ wier meitsje, net troch te skreauwen, roppen en razen mar troch in foarm fan flústerjen mei in inerlike ynmoed.
Yn in liet wurdt it sa  beskreaun:  ‘Als je fluistert zal ik je stem verstaan’.

Wessel

Bronvermelding: foto pixabay

 
terug
×