Mijn vriend God
‘Ik wandelde vol blijdschap in de regen
en dacht: ‘’O kwam ik nu mijn vriend God tegen"
toen zag ik Hem en Hij zei tegen mij
Koos, loop Ik niet naast jou op al je wegen?’
Yn in gearkomste wêr ’t ik wie sei ien fan de oanwêzigen dat hy ris in foar him hiel oansprekkend koart gedichtsje lêzen hie fan de dichter J. (Koos) van Doorne; Hy koe it op dat stuit net letterlik opsizze mar hy sei my ta dat hy it opsykje soe en my dan tastjoere.
In pear dagen letter stie it yn de mail.
Allinnich al de titel spruts him (en my) oan: Mijn vriend God.
Wêrom as de dichter ‘vol blijdschap’ yn de rein roun is fansels net sa wichtich te witten (of miskien ek wol) mar dat hy dan graach God (mijn vriend God) moetsje woe is fansels wol in hiele moaie gedachte.
De tredde rigel is hiel ferrassend: Hy seach Him; It is fansels net dúdlik op hokker wize of yn
wat foar byld hy God seach mar hy wurdt him der ynienen fan bewust dat hy op de iene of oare wize (wat fan) God sjocht en dat hy ek fernimt dat God wat tsjin him seit.
En wat seit God tsjin him: Rin ik ek net njonken dy op al dyn wegen ?
De dichter skriuwt ‘al dyn wegen’.
Yn de earste rigel fan dit koarte gedichtsje stiet dat de dichter ‘vol blijdschap’ yn de rein rint;
Soe hy doe al it gefoel hân hawwe dat God by him wie ?
It docht wat tinken oan it gedicht / liet : Ik liep eens langs het strand en …
mei al lêste rigel; ‘Toen heb ik jou gedragen’.
Sjogge wy God miskien (wat) te min yn alle deistige dingen dy ’t lyts lykje mar hiel weardefol binne ?
Wessel
terug