Minsken fan 'e wei - Nijsbrief fan 'e classis - 2025 #4

‘Sa arbeide Jakob sân jier foar Rachel,
en dy wienen yn syn eagen
as mar in deimannich,
omdat er har leaf hie.’
(Genesis 29:20, NFO)


Sân útdagingen

It is op dit stuit sân jier lyn dat ús sân Fryske klasses gearfoege waarden ta ien. Dat is in momint om de balâns op te meitsjen en linen út te setten rjochting de takomst. Dat dogge we fansels yn it breed moderamen en de klassikale gearkomste, mar we soene it ek hiel moai fine as jo jo miening dêr ek oer jouwe. De klassis binne we ommers mei elkoar! Dêrom binne hjir sân útdagingen dêr’t we de kommende jierren foar steane en wêr jo ús by helpe kinne.

Mei elkoar ferantwurdelik wêze

Eartiids wie net alles better, mar hie wol elke gemeente syn eigen ôffurdigen nei de klassis. Dy ôffurdigen koene dêr har ideeën útwikselje en mei elkoar it belied bepale. Foar in protte wie dat net it meast begearde wurk, mar dochs waard elke kear it gefoel fersterke dat jo as gemeente mei elkoar ferantwurdelikheid droegen foar it gehiel fan de tsjerke. Boppedat wiene der in flink oantal klassikale kommisjes, wêryn moaie dingen dien waarden. No hoeve mar tritich fan de rom twahûndert gemeenten immen ôf te furdigjen en binne der hast gjin klassikale kommisjes mear. Foar in protte gemeenten fielt dat no as ha se gjin ynfloed mear op de beslûten fan klassis en synode.

Dat kin oars. Sûnt it foarige jier is der regelmjittich in brede klassisgearkomste wêrfoar elke tsjerkeried frege wurdt immen as gast ôf te furdigjen. We ha koartlyn twa nije klassikale kommisjes ynsteld: ien foar in feilige tsjerke (Veilige Kerk) en ien mei it each op de jongerein (Jeugd en Kerk). It kin dus wol! De útdaging is om dit fêst te hâlden en sa mooglik te fersterkjen.

As út ien mûle

Geregeld hearre wy út gemeenten yn ús klassis in kleiliet oer ‘kerkorde’ en twang fanwegen de regels. Wy begripe dat wol: regels beheine jo beweechberens en sadwaande binne se lestich. It is lykwols ek sa dat regels de rûmte jouwe om mei-inoar wat te dwaan, sûnder dat de iene de oare yn it paad sit. Sûnder de regels yn it ferkear kinst net mear feilich oer strjitte rinne. Boppedat, al dy regels fan de ‘kerkorde’ hawwe wy mei-inoar betocht en fêststeld. Dêr soenen wy ús oan hâlde moatte.
Mar ... regels binne net hillich: wy kinne se feroarje. Dêrom is it wichtich dat de synoade wit wat der spilet yn it lân. It soe al helpe as wy as klassis har fertelle koenen wêr’t de oast sit by ús gemeenten. De útdaging is no om hjir stal oan te jaan: hoe litte wy de lânlike tsjerke witte wat pleatslik yn ús klassis spilet?

Tsjûge wêze

Wy libje yn nuveraardige tiden. Dat hoech ik net wiidweidich út te lizzen. Minsken sykje stjoer, en de tsjerke soe dat stjoer foarm jaan kinne. Meastal sjogge wy dêrfoar oan de iene kant nei de preek yn de fiering op snein, en oan de oare kant nei útspraken fan de synoade. Faaks soenen wy foar beskate saken dy ‘t yn ús klassis spylje ek as klassis in útspraak dwaan kinne. Mar dan moatte wy it dêr earst wol oer iens wêze. It is de útdaging om om te gean mei ferskate wizen fan sjen, elk yn syn wearde te litten en dochs mei in helder boadskip te kommen.

Krêften bondele

Wy hawwe it al hân oer de nije klassikale kommisjes 'Feilige Tsjerke' en 'Jeugd en Tsjerke'. Sy besykje klassikaal te berikken wat lokaal net altyd slagget. Ek dat is in taak fan 'e klassis. En krêften bondele kin op noch mear gebieten, lykas diakonaat, formaasje en tarissing of behear. Jo kinne mear dwaan mei minder minsken as je it tegearre dogge. Mar wolle wy dat? It freget de ynspanning fan in protte frijwilligers dy't fierder sjen wolle as de grinzen fan har eigen doarp. Dizze útdaging is grut mar begjint mei de fraach: “Wat foar aktiviteiten wolle wy graach mei de klassis as gehiel opsette”?

Elkoar op koers hâlde

De measte tsjerkerieden hawwe de tsjerkeoarder net altyd op tafel lizzen en soms leit er net iens yn 'e kast. En dochs wiene we it mei-inoar iens oer hoe't we tegearre in tsjerke wêze wolle en wa wêrfoar ferantwurdlik is. It is net mear as logysk dat guon ôfspraken yn 'e rin fan 'e tiid ferskowe en dat oare ôfspraken soms net sa goed útkomme mar om ússels trou te bliuwen is it lykwols wichtich om elkoar oan dy ôfspraken te hâlden. En wêr oars dogge jo dat as yn 'e klassis? Dy útdaging is krekt like grut as de foarige: “Hoe hâlde we it lykwicht tusken te ynskiklik en te krekt wêze”?

Op syk nei gearwurking

Yn jannewaris hienen wy al in brede klassike gearkomste oer gearwurking tusken gemeenten. De wichtichste útkomst: We wolle wol mar yn ús eigen tempo!
Dochs ûnderfine in protte gemeenten dat de tiid harren ynhellet. Se hawwe dy gearwurking no nedich! En se kinne meastentiids net mear wachtsje oant oare gemeenten sa fier binne. De útdaging is om it proses linich te hâlden sûnder dat gemeenten har twongen fiele.

Nije wegen wize

Nije tiden freegje om nije antwurden. De ekologyske krisis freget om in Griene Tsjerke, de MeToo-affaires om in Feilige Tsjerke, de ferflakking om in Belidende Tsjerke en it populisme om in Reinbôge-Tsjerke. Of net? Moatte wy mei inoar wer leare te harkjen nei wat it Wurd ús hjoed te sizzen hat? Of moatte alle gemeenten dat krekt op har eigen manier dwaan? Dat is miskien noch wol de grutste útdaging fan dizze tiid.

Sân antwurden

Yn de hjerst ha in protte gemeenten in gemeentegearkomste oer de jiersifers. De oandacht dêr foar is faak net al te grut, alhoewol’t ek sifers wol nijsgjirrich wêze kinne. Mar wat soe it moai wêze as alle gemeenten yn de klassis Fryslân op dy gearkomste nei it skoft ris oer ús sân útdagings prate wolle. De tsjerkeried kin der dan miskien al wat foarwurk foar dwaan, of krekt efternei in koart en puntig ferslach dêr fan meitsje. Op de klassis helje wy al dy reaksjes dan by inoar, sadat wy mei nije ynspiraasje en mei de opdiene wiisheid ús belied foar de earstkommende jierren formulearje kinne. Wy freegje dat mar gewoan oan jimme! Hjirby dus! En dan sjogge wy alle reaksjes wol kommen.

Sân jier

Jacob arbeide sân jier foar syn omke Laban om mei dy syn dochter Rachel trouwe te meien. Hy hâlde fan har. En dêrnei arbeide er noch ris sân jier omdat er syn leafste dochs noch net ha mocht. Sa is dat: leafde jout net allinne wjukken, mar ek geduld. Mei de leafde foar de tsjerke is dat net oars.

Goede simmer!

Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma
classispredikant
terug
×