Och minske, lês Jo de Bibel

It is al wat jierren lyn dat in postrinder yn in doarpke yn it Noarden fan Fryslân syn ronde makke. It wie al wat jûnich en de man woe wol nei hûs ta. Hy kaam by immen oan de doar dy ’t elke wike in NCRV-gids krige (it wie yn de tiid dat de EO-noch net bestie). Hy hie wol post foar dejinge by wa ’t hy foar de doar stie mar hy hie de NCRV – gids net by him. Hoe ‘t dat koe wist hy fansels ek net mar it wie no ien kear sa. Hy stoppe de oare poststikken yn de brievebus en soe wer ôfstekke; mar dêr gie fuort de doar iepen. It wie de bewenster fan it hûs direkt opfallen dat de NCRV – gids der net by wie. Hja rôp nochal wat brimstich nei de post: ‘Is de NCRV -gids der net?’ Wylst hy it paad fanôf de foardoar wer ôfroun nei de wei ta draaide de postrinder him om en sei: ‘Och minske, lês Jo de Bibel !’

Ik bin der frij wis fan dat boppesteande in wier ferhaal is (ús heit wie postbesteller) en it brocht by my tagelyk de fraach nei boppen of ’t de betreffende frou it ‘advys’ opfolge hat en de jouns mar (werris) yn de Bibel lêzen hat as ferfanging fan de radio/tv – gids. Tagelyk set it je ek oan it tinken. Hoe faak folgje ik it ‘advys’ op om de Bibel te lêzen; Oan tafel dogge wy dat noch (hast) eltse dei wêrby ’t wy ek gebrûk meitsje fan it Deiboekje dat wy (as âldere gemeenteleden) fan tsjerke krigen hawwe en as tarieding op de manneferiening strún ik ek nochwolris wat yn de Bibel om.
Mar om foar jesels geregeld neffens in fêst patroan yn de Bibel te lêzen, no dat komt der net fan. En dan hear je dochs noch gauris dat der minsken binne dy ’t moarns steefêst in stikje út de Bibel lêze en dat ûnderfine as in hiel posityf begjin fan de dei. Sil ik it advys: ‘och minske / man lês Jo de Bibel’ oan it begjin fan 2026 marris opfolgje? It kin fêst gjin kwea!

Wessel
 
terug
×