Tsjerkegebou
Yn 2024 haw ik it foaarjocht hân dat ik sawol yn Keulen as yn Paris west bin. Yn Keulen wie ik mei in koar om dêr te sjongen (prachtig) en yn Paris wie ik mei ús soan. Yn beide stêden hawwe wy grutte tsjerkegebouwen besjoen; Yn Keulen wie dat de Dom en yn Paris de Sacre Coeur (doe ‘t wy der wienen wie de Notre Dame noch net wer-iepene).
As Jo yn sa ‘n gebou rinne falt je direkt de pracht en praal op en tinke je je wolris yn wat it koste hat oan ynspanning, jild en miskien wol minskelibbens om dizze gebouwen del te setten. No is it wol sa dat as Jo yn de Bibel lêze hoe prachtig as it timpelgebou wie kin men sich ek in bytsje yntinke hoe ‘n ynfestearing dat west hat. Sawol yn de Dom fan Keulen as de Sacre Coeur wiene hiel wat minsken; As wy posityf tinke sille wy mar sizze dat de tsjerke noch wol wat minsken lûkt.
Mar je freegje je wolris ôf wat de minsken no nei sa ‘n tsjerke bringt. Men giet dar hast fanút dat de pracht en praal, het arsjitektoanyske ‘hoogstandje’ fierwei de measte minsken oanlûkt om dêr te kommen, al sjocht men op sommige plakken ek besikers yn stilte foar har útsjen of mei de eagen ticht yn de bank sitten.
It liket my wol ta dat it net sa makkelik is yn sa ’n geroezemoes te kommen ta in gebed.
In pear jier tebek wie ik yn in lyts tsjerkje yn Grinslân en wol yn it plakje Breede; (net sa fier fan Warffum) Dêr stiet in behindich tsjerkje, ik leau noch lytser as de tsjerken fan Wetzens of fan Jouswier. It tsjerkje wie iepen, je koene der samar efkes sitten gean. Wat in woldie fergeleken mei de drokte yn de grutte tsjerken fan Keulen en Paris. Yn sa ‘n lyste tsjerke komme je nei myn betinken samar tichteby ús Skepper, je wurde net ôflaat, net troch besikers en ek net troch oerdiedich pronkjen yn de tsjerke. Sa ‘n lyste tsjerke is in oanrieder.
Wessel

terug